waskemeer.nl

Hjerst-rintocht, it koe net better!

De  13e hjerst-rintocht op 6 oktober yn Waskemar koe net better neffens de kuierders, de rûtes,  fersoarching en it waar, it wie geweldich.

De 130 dielnimmers wienen  optein, de kompliminten wienen net fan de loft.
De organisaasje, Anneke Haaisma, Ieke Otter, Maaike Talsma en Janneke van der Wal is dan ek mear dan tefreden oer it ferrin fan dizze tocht. Al dy blide minsken en moaie ferhalen ”dêr dogge wy it foar”.
De start fûn as altyd plak fanút it doarphûs `t Ald Leger.  De 25 km gie oer it Mandefjild  troch de Bakkefeanster Dunen op nei de Manege oan de Slotsingel, dêr wie it tiid foar in bakje kofje. Fierder troch de Alde Bosk, lâns de Freulefiver, op nei it skoft yn Duerswâld. Underweis brochten de prachtige hjerstkleuren en de talrike poddestuollen in soad minsken ta ferwondering.
De 12,5 km gie oer de Nijefeanster Wei,  it Hepkemapaad, in slach oer de heide, op nei in bakje kofje by de famylje Leffring yn Duerswâld. Siebe en Trien wiene alhiel op ‘t skik mei al dy minsken oer de flier en soargen foar in waarm ûnthaal mei kofje, cake, krinte pofkes en sop,  foar nije enerzjy.
It paad werom gie oer de practiche Duerswâlderheide, mei in strieljende  sinne, tsjotterjende guozzen yn de swietrook fan de hjerst.
Yn 2019 is der wer in Hjerst-rintocht, op de earste saterdy fan oktober.

Permanente koppeling naar dit artikel: http://waskemeer.nl/hjerst-rintocht-it-koe-net-better/