De Waldploech spilet it stik “Pension De Goate” 

Toanielselskip De Waldploech út Waskemar spilet dit jier it stik “Pension De Goate”.  

“Pension De Goate” is in ultime úting fan Toos har sosjale gefoel foar de minderbedeelden. Se rint dit tehûs foar thús- en dakloazen mei de hulp fan Pien. Dy liket ek in soad betrokken mar in feite hat se in dûbele aginda.

Op it momint hat de pensjon fjouwer gasten dy’t kwa eftergrûn tige út elkoar lizze. Sa is der Eduard, in bekinde toanielspyler. Mar troch omstanigheden komt hy no nergens meer oan ‘e bak. Hy komt noch al ‘e bar en hat in earnstich alkoholprobleem. Wanda is in typke dy’t besiket om har lizzende steande te hâlden. Mar it hoerke hat lykwols dúdlik har bêste tiid hawn.

Joti is bekend yn ‘e drugswrâld en hat it allegearre al es besocht(ek it stopje mei dy rommel). Krek as by syn kollega’s is by him, troch it romme gebrûk fan geastferomjende middelen, ek in “kreatife” geast ûntstien. De fjirde gast is Rika. Dizze klassike swerfster hat in hurd en ongelokkige jeugd hawn. Neist dat binne har geastlike en sosjale kwaliteiten in grutte beheining om mei te kommen yn ‘e grutte boaze wrâld.

Pension De Goate stiet yn in “gewoane” buert. Mevrouw Meerman is, as vertsjinwurdigster fan ‘e buurt, net sa bliid mei dit tehûs. Se hat it bestimmingsplan fan it pensjoen ynsjoen en dêr stiet yn dat it pân inkeld brûkt wurde mei as wenhûs of as kantoar.

Koartsein Pension De Goate moat út ‘e buert verdwinne!

Troch in hiel positive ûntwikkeling fan Pien har karriere komt der op it lêste momint in omslach fan jewelste. Allinnich Toos kin har noed ta sosjaal bememkjen net mear kwyt.

In modern en realistisk blyspul mei sa no en dan oangrypende mominten.

De spyldatums binne freed 23, sneon 24 febrewaris, freed 2 en sneon 3 maart.

Sneun 23 febrewaris en 3 maart hawwe wy live muzyk.

De útfierings binne yn it Atrium fan it doarpshûs “It âld leger” te Waskemar.

Kaarten binne te keap by Evert Sikkema, Wijndelsweg 6, Waskemar.

Fan 1 febrewaris ôf, tusken 15.00 en 19.30 oere.