waskemeer.nl

Toanielselskip De Waldploech spilet it stik “Kommertiid”.

Toanielselskip De Waldploech út Waskemar spilet dit jier it stik “Kommertiid”. In tige nijsgjirrich stik , fol mei humor om jo de bûsen by út te skourren. De spyldatums binne freed 17, sneon 18, freed 24 en sneon 25 febrewaris. Sneun 18 en 25 febrewaris hawwe wy live muzyk. Hjir alfêst een koarte ynhâld:

De koffers binne pakt. Marie hat in priis wûn yn de Story en mei har man Gerrit  meie se nei in hotel op it plattelân. De keamer njonken wurdt troch de pikolo Frits, tawiisd oan Marion, wylst de hotel eigener, Josefien, dy krekt ferhierd oan in oar jong stel. Tusken de beide keamers is in doar dy’t op slot sit. Mar, Gerrit is tige nijsgjirrich en begnúft de buorfrou troch it kaaisgat. Dan skrikt er him wyld, want dyselde buorfrou is syn minnares. Marion fernimt de gnuvery en hellet ferhaal by de Pikolo, dy’har dan treasket , mar dan komt Josfien harren oer it mat. Gerrit, hy wol sa gau mooglik wer nei hûs ta. Mar, dêr stekt Marie stokje foar.De iene nei de oare misbegryp en betizingen folchje elkoar dan rap op. As dan ek nochris in sjoernalist fan de Story komt om in repotaazje te meitsjen fan de priis winnereres en as dan ek noch bliken docht de harren soan Hans  mei syn freondin neist de keamer fan syn âlders sit, dan…

Útfierings

De útfierings binne op freed 17, sneon 18, freed 24 en sneon 25 febrewaris yn it Atrium fan it doarpshûs ‘It Âld Leger’ te Waskemar.

Sneun 18 en 25 febrewaris hawwe wy live muzyk.

Kaarten binne te keap by Evert Sikkema, Wijndelsweg 6, Waskemar fan 1 febrewaris ôf, tusken 15.00 en 19.30 oere.

Permanente koppeling naar dit artikel: http://waskemeer.nl/toanielselskip-de-waldploech-spilet-it-stik-kommertiid/