waskemeer.nl

9 april cabaret in het Dorpshuis

Bytsje Minder Bytsje Mear
Teater Kollektief Griene Sjippe (Kabaret)

Toanielfreonen, nei in heftige periode fan tsjin slagen troch dat it korona-firus en wy de produksje fan, “Bûter Brea en Soere Molke”, net útfiere koene sa as wy dat graach woene en troch alle beheinde maatrigels en finansjele tsjinslagen, binne wy dochs wer posityf fan start gien mei de tarieding en rippetysjes fan ús nije oankommende kabaret produksje , “ Bytsje Minder, Bytsje Mear”!

Sneon 9 april yn ’t Ald Leger yn Waskemeer, fanôf 20.15 oere.

  • Spilers binne: Folkert Sijbrandij, Renee Fokkema út Haulerwyk.
  • De muzyk is wer yn hannen fan Erwin Hendriks.
  • De rezjy is yn hannen fan Hotze karsten.
  • De skriuwers binne: Folkert Sijbrandij, Renee Fokkema, Hotze Karsten en Erwin Hendriks.
  • Lûd en Ljocht: Marius Del Grosso.

“Bytsje Minder, Bytsje Mear”, is in kabaretprogramma mei moaie muzyk en prachtige humorfolle teksten, wêr’t yn in ûnske minder in ûnske mear sintraal stiet. Of krekt oarsom? Dy fraach wurdt ús faak steld by it ôfweagjen fan in produkt yn in winkel. It is wer in prachtige jûn foljende produksje wurden, mei de noadige koartswyl muzyk en folkaardige typearringen mei alle beslommeringen út ús deistich libben.

Wy litte jo genietsje en laitsjen fan moai kabaret wêr’t yn jo de bûsen by útskuorre!!

Kaarten kinne jo bestelle op: www.grienesjippe.nl
Oant gau!

Permanente koppeling naar dit artikel: http://waskemeer.nl/9-april-cabaret-in-het-dorpshuis/

Geef een antwoord

Jouw e-mailadres wordt niet gepubliceerd.