waskemeer.nl

Toanielselskip De Waldploech spilet yn 2019 it stik “Fan hûs en hiem”

Toanielselskip De Waldploech út Waskemar spilet dit jier it stik “Fan hûs en hiem”. De spyldatums binne freed 1, sneon 2, freed 8 en sneon 9 maart 2019, wy begjinne fan 20.00 oere.

Kees en Marja van Wijngaarden binne in trochsnee pear dy’t tegearre in noflik libben ha. Marja is tige tefreden mei it libben dat se hat, mar Kees wol syn dream ferwêzenlikje: in kemping yn it bûtenlân begjinne. Om alles betelje te kinnen moat harren frijsteande jierren tritich wenning ferkocht wurde. Marja hat it hûs fan har tante Irene urven en hinget der hiel bot oan. Dêrom sjocht sy dy emigraasjeplannen ek hielendal net sitten. Dêr komt by dat se in grut geheim hat. Sy hat nammentlik destiids it hûs net allinnich urven, mar tegearre mei har suster Anouk, dy’t al jierren út byld is en ûntwikkelingswurk yn Afrika docht. Kees hat hjir gjin weet fan.
As dizze suster dan ynienen op ‘e stoepe stiet dan is it dien mei de rêst. In wanhopige Kees siket in manier om fan syn skoansuster ôf te kommen, in stel ynbrekkers hawwe it op harren hûs fersjoen en as wie it noch net moai genôch, der falt lang om let ek noch echt in deade!

De spyldatums binne freed 1, sneon 2, freed 8 en sneon 9 maart 2019, wy begjinne fan 20.00 oere. Sneon 2 en 9 maart hawwe wy live muzyk.

De útfierings binne yn it Atrium fan it doarpshûs “It âld leger” te Waskemar.

Kaarten binne te keap by fam. Sikkema, Wijndelsweg 6, Waskemar.
Fan 21 febrewaris ôf, tusken 17.00 en 19.30 oere.

Permanente koppeling naar dit artikel: http://waskemeer.nl/toanielselskip-de-waldploech-spilet-yn-2019-it-stik-fan-hus-en-hiem/